Ofskie Jelle Anema
Op woansde 9 maart hawwe we op ús jierlikse ledegearkomste as bestjoerslid ôfskie nommen fan Jelle Anema. Sûnt it jier 2000 hat er yn it keatsbestjoer sitten.
Net dat Jelle net mear wol, mar tydlik net mear kin, omdat er nêst syn wurk noch oare dingen docht dy’t de nedige tiid freegje. Jelle ferûntskuldige him hast dat hy der mei ophâlde en sei der fuort bij mar it fjild lizzen bliuw ik dwaan en ik wol ek wol yn it jeugdbestjoer”. Jelle in noflike kollega yn it bestjoer, dy’t syn heit opfolge as bestjoerder, syn mem dy’t krânsen makket, syn broer dy’t yn de jeugdkommisje siet, in echte keatsfamylje. Jelle fynt ek dat elts in bijdrage leverje moat om it doarp leefber te meitsjen en te hâlden. Jelle bedankt.
Geplaatst op 11 April 2011